Net smoke by de spulwike Ljouwert

08 aug 2018 - 16:10

Frijwilligers en âlden dy't helpe by Jeugdland yn Ljouwert, meie dit jier op it hiele terrein gjin sigaret op stekke.

Jeugdland bestiet al 31 jier yn Ljouwert. Yn de lêste wike fan de skoalfakânsje wurde goed 400 bern fermakke mei nifeljen, sporten, spultsjes en hutten bouwen. Der binne sa'n 100 frijwilligers by belutsen.

It wie al jierren belied dat der net smookt wurde mocht op de sportfjilden, mar no meie de frijwilligers hielendal net mear in sigaret opstekke op plakken dêr't de bern dat sjen kinne. Ek âlden wurdt frege om net te smoken as sy op it fjild as by de kassa's stean.

De organisaasje efter Jeugdland slút him hjirmei oan by it inisjatyf fan de smookfrije generaasje, dy't al ûnderskreaun wurdt troch de gemeente en tal fan oare organisaasjes.

(advertinsje)