Frijwilligers helje tûzenen kilo's ôffal fan it strân

Frijwilligers ha yn sân dagen tiid mear as fjouwertûzen kilo ôffal fan de Nederlânske strannen helle. Se dogge mei oan de Beach Cleanup Tour fan Stichting De Noordzee. It skjinmeitsjen begûn foarige wike op Skiermûntseach.
© Anjo de Haan
De frijwilligers hawwe de rêsten fan goed 1900 ballonnen fuorthelle. Eltse etappe fine de dielnimmers oan de Beach Cleanup Tour tusken de fyftich en twahûndert ballonrêsten. Yn totaal ha se 4297 kilo ôffal fan de strannen helle. Foarich jier stie de teller nei itselde tal dagen op 4140 kilo.

Oer de helte

De Beach Cleanup Tour is no oer de helte. Njonken Skiermûntseach hawwe frijwilligers ek de strannen fan It Amelân, Skylge en Flylân skjinmakke. De kommende dagen wurde ûnder mear noch de strannen fan Callantsoog, Egmond en Scheveningen opromme.