Cambuur en Rose hast rûn

27 jun 2012 - 14:17

Yuri Rose moat de nije lieder fan Sportklup Cambuur wurde. De 33-jierrige middenfjilder, dy't in pear wike lyn syn kontrakt by De Graafschap ôfkocht, sil as er medysk goedkard wurdt in kontrakt foar twa jier tekenje by de Ljouwerters. Rose spile oant no ta krapoan 400 wedstriden yn it betelle fuotbal by Volendam, Heracles Almelo, Sportklup Hearrenfean, Sparta Rotterdam en De Graafschap.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)