FIDEO: Skûtsjes stride om de winst op Snitser Mar

08 aug 2018 - 15:45

De skippers binne by it rûtebesprek warskôge foar pûsters mei wynkrêft seis. Fan gebrek oan wyn is dus gjin sprake. De wedstriid by Earnewâld is tiisdei ôfblaasd, omdat it net hurd genôch waaide.

Fanwege de Snitswike begjint it skûtsjesilen by Terherne letter as oars. De start is om fjouwer oere hinne. Om de silers de romte te jaan, is in part fan it Prinses Margrietkanaal ôfsletten.

Online stjoert Omrop Fryslân de wedstriden live út, mei kommentaar fan Freark Wijma en Eelke Dijkstra. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.

Trefwurden: 
skûtsjesilen Terherne SKS
(advertinsje)
(advertinsje)