Man (18) stelt klûs fan wenfoarsjenning, mei help fan bewenners

In 18-jierrige Ljouwerter hat fan de plysjerjochter in wurkstraf krigen fan 60 oeren. Hy hie op 15 april fan dit jier mei twa oaren in klûs stellen, út in kantoar fan de wenfoarsjenning fan Jeugdhulp Friesland, oan de Waling Dijkstrastrjitte yn Ljouwert. De twa kompanen wennen op dat momint yn dy wenfoarsjenning.
De rjochtbank yn Ljouwert © ANP
Om yn it kantoar te kommen ha se in rút fernield. Dernei brutsen sy de klûs iepen. Dêr sieten in laptop, in tablet en 320 euro yn. In man fan 24 út Ljouwert hat in wurkstraf krigen yn deselde saak. Hy is feroardiele foar heling.