Hamstra oer Veerman: "We zitten in de eindfase"

08 aug 2018 - 14:45

Henk Veerman giet sa goed as wis nei Sankt Pauli. Neffens technysk direkteur Gerry Hamstra fan Sportklup Hearrenfean sit Hearrenfean yn de einfaze kwa ûnderhanneling. Veerman moat sels ek noch ûnderhannelje, mar ek dat liket goed te kommen.

Gerry Hamstra - Foto: Omrop Fryslân

"We zitten in de eindfase. Over welke club het gaat, doen we geen uitspraken, maar het lijkt erop dat het goed komt", seit Hamstra. Oer bedragen docht Hamstra fierder ek gjin útspraken.

ADO Den Haag is tiisdei al definityf ôfheakke yn de striid om Veerman. De fraachpriis fan Hearrenfean wie 650.000 euro, ADO gong net fierder as 450.000 euro. Woansdei die de direkteur fan ADO Den Haag, Mattijs Manders, in Q&A mei ADO-fans. Hy joech in opfallend antwurd op ien fan de fragen. Neffens Manders giet it Veerman mear om jild.

Ferfanger foar Veerman?

Mocht Veerman fuortgean, dan stiet it noch net fêst dat der fuort in ferfangende spits oanlutsen wurdt. "We moeten ook kijken naar dat wat we in huis hebben. Jizz Hornkamp komt er bijvoorbeeld aan. Bovendien moeten we afwachten wat er op het middenveld gebeurt."

En Pelle van Amersfoort mei bygelyks útsjen nei in oare klup. Der wie efkes wat belangstelling foar, mar der is neat konkreet. Van Amersfoort hat krekt as Morten Thorsby noch foar ien jier in kontrakt en hoegde net fuort, mar mei prate mei oare klups. Itselde jild foar Yuki Kobayashi, al hat dy noch in kontrakt foar trije jier en is der noch gjin klup konkreekt foar him wurden.

Earste kompetysjewedstriid foar Jan Olde Riekerink

Hearrenfean spilet freedtejûn de earste kompetysjewedstriid dit seizoen út by PEC Zwolle. It is ek direkt de earste offisjele wedstriid foar trainer Jan Olde Riekerink. PEC Zwolle hat nochal wat feroaring yn de seleksje. "Maar ik verwacht dat ze qua systeem nog hetzelfde zullen spelen", seit Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink. Hearrenfean ferlear yn de tarieding mei 1-3 fan Levante, wylst Zwolle mei 3-1 fan Levante wûn. "Maar dat zegt niks. We verloren vorig jaar twee keer van Zwolle, dat zegt in ieder geval dat het geen makkelijke tegenstander is."

Hahn wer op de goal

De opstelling is noch net hielendal wis, mar wat wol wis is, is dat keeper Warner Hahn spilet. Hahn kaam ferline jier oer fan Feyenoord, mar spile mar ien wedstriid. De earste wedstriid fan it seizoen gong syn skouder út de kom. Yn de winterstop like hy op de wei werom, mar gong syn skouder wer út de kom. "Maar twijfels ken ik niet. Twijfel is voor negatieve mensen." En dus hat Hahn net it gefoel dat it wer barre sil. "Nee, ik heb er vooral veel zin in."

Trainer Olde Riekerink wol neat sizze oer de opstelling. Op de training spile hy in tiid mei Kongolo op it middenfjild en Vlap op de linksbûten. Healweis de training ferskode hy dat wer nei Vlap op it middenfjild en Mihajlovic op de linkerfleugel. "Dat zijn inderdaad de twee opties", seit de Hearrenfeantrainer.

Fermoedlike opstelling: Hahn; Schmidt, Høegh, Bulthuis, Pierie; Kobayashi, Thorsby, Vlap; Zeneli, Lammers en Mihajlovic.

De wedstriid PEC Zwolle-Hearrenfean begjint freed 10 augustus om 20.00 oere. De wedstriid wurdt live op de radio útstjoerd mei kommentaar fan Roelof de Vries.

Foar de wedstriid is it Fierljepkafee op de radio. Dat begjint om 19.00 oere en duorret oant 20.00 oere.

(advertinsje)