"Simmereveneminten moatte net wer allegearre tagelyk"

Alle grutte eveneminten yn Fryslân moatte takom jier nochris oerlizze oft der ek in bettere sprieding mooglik is. Dat seit Gerlof van der Werf fan organisaasje fan de Snitswike.
Regenboogklasse op 'e Snitswike © ANP
Dit jier binne yn trije wiken tiid in grut oantal aktiviteiten, lykas de PC, de Tall Ships Races, it skûtsjesilen, de reuzen yn de binnenstêd fan Ljouwert, mar ek de Snitswike.
Al dy eveneminten soargje foar grutte druk by de helptsjinsten en de plysje, mar ek it publyk moat in kar meitsje. "It is echt skande dat wy yn Fryslân alles yn twa oant trije wiken propje," seit Van der Werf.
"Mei LF2018 is it allinnich mar slimmer wurden, bygelyks troch de komst fan de reuzen nei Ljouwert. En dan is der noch swimmer Maarten van der Weijden dy't by alle alve stêden lâns swimt. Stik foar stik allegear goede inisjativen, mar wêrom moat it allegear tagelyk?"
It is net samar mooglik om de Snitswike te ferskowen, seit Van der Werf. "Wy binne in lanlik evenemint. Foar ús is de earste wike fan augustus hiel wichtich, omdat dat eltsenien frij is."