Bou starterswenten Wergea mei trochgean fan de Ried fan Steat

08 aug 2018 - 13:48

Der meie seis startershuzen boud wurde oan de Kerkbuurt yn Wergea. Omwenners fine dat de huzen heger wurde as dat de regels tastean en binne ek benaud foar ferkearsoerlêst en parkearproblemen. De Ried fan Steat is dat net mei har iens. De huzen meie mei acht en in heale meter dan wol 41 sintimeter te heech wêze, mar de steatsried fynt dat gjin probleem. De omwenners soene dêr gjin lêst fan hawwe. Ek mei de ferkearsoerlêst en parkearproblemen falt it neffens de ried wol ta.

Foto: ANP
(advertinsje)