Reade flaggen by de havens op de Waadeilannen: der kin gjin boat mear by

It is smoardrok yn de jachthavens fan de Waadeilannen. It is fan 't simmer al meardere kearen foarkaam dat se de reade flagge yn top ha. Sa jouwe se oan dat der gjin boat mear by kin. Yn de measte gefallen is it jierren lyn dat de havenmaster de flagge omheechlûke moasten.
In boat yn de haven fan Skylge © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar is op It Amelân
Yn Jachthaven 't Leijegat op It Amelân ha se 45 prosint mear besikers as ferline jier. Yn de haven is plak foar 80 jachten en 15 grutte platboaiems.
De measte havenmasters neame it moaie waar as reden foar de drokte. De temperatuer op de eilannen is krekt wat nofliker as op de fêste wal. Boppedat ha je op de eilannen gjin lêst fan stekmiggen. Dy lizze de aaien allinne yn swiet wetter.

Lytse boatsjes en Ibizajoekels

Wat fierders opfalt is dat der mear gruttere skippen binne. Jachten fan 15 meter binne gjin útsûndering. ''De Ibizajachten komen hier naartoe, het gaat vaak om spiksplinternieuwe schepen. Het zijn joekels, die vaak ook langer blijven liggen'', seit havenmaster Klaas van der Meij fan de jachthaven op It Amelân.
It is foaral in teken dat it ekonomysk better giet, seit er. Op It Amelân ha se de reade flagge dit jier al trije kear út hân.
Yn de haven fan Skylge komme neist de grutte, ek mear lytse boatsjes as oars. Dy boatsjeminsken doarre it gewoanwei net oan om de Waadsee oer te stekken, mar mei it moaie waar en de matige wyn, dogge se it dit jier wol.
De haven op Skiermûntseach kin offisjeel 120 boaten oan, mar yn de praktyk passe der net mear as 100 yn. De haven rint fol mei sân. Dat bart op mear plakken yn de Waadsee.