Utdrûging nei alle gedachten oarsaak dea fiif seehûntsjes op Skylge

08 aug 2018 - 13:00

De fiif seehûntsjes dy't ein july dea giene yn de opfang op Skylge binne nei alle gedachten it slachtoffer wurden fan útdrûging. Dy konklúzje lûkt it Veterinair Pathologisch Diagnostisch Centrum fan de Universiteit fan Utrecht. It sintrum slút oare dea-oarsaken út: "Goede voedingstoestand met voldoende spierontwikkeling en vet. We hebben geen infectieuze agentia kunnen aantonen, dus oververhitting is het meest waarschijnlijk."

Seehûnepup - Foto: Shutterstock.com

De bistjes leine tydlik op 'e kant, omdat har bûtenbad skjinmakke waard. "Gebeurd tijdens een onbewaakt uurtje tijdens het verschonen van het buitenbad", seit de opfang yn in berjocht op Facebook. In feedokter tocht direkt al oan útdrûging troch oerferhjitting, mar de opfang woe dêr net oan. "Die dag was het nog niet zo warm als de dagen erna en alle vijf tegelijk? Wij dachten in eerste instantie aan vergiftiging of een ernstige infectie. Met veel liefde en hard werken waren deze verweesde pups een maand lang gevoerd en verzorgd en naar onze mening kern gezond."

Gebeurd tijdens een onbewaakt uurtje.

De opfang op Facebook

Om wissichheid oer de dea-oarsaak te krijen, waard der autopsy dien. It gie om in beheinde autopsy, omdat in wiidweidiger ûndersyk nochris tûzenen euro's ekstra kostet. "Onze inkomsten bestaan alleen uit donaties en daarom hebben we moeten besluiten als zeehondenopvang Terschelling geen verder onderzoek te doen en ons geld te besteden aan de verzorging van levende hulpbehoevende zeehonden."

Om werhelling foar te kommen hat de opfang ekstra maatregels naam: "Zeildoek over de buitenplaats voor schaduw, douche geplaatst om plateau tijdens het bad verschonen nat te houden en dit alleen in het begin van de avond te doen."

It bûtenbad wurdt yntusken brûkt foar twa nije seehûnen. Dy binne dêr sûnt in wike en meitsje it neffens de opfang 'uitstekend'.

(advertinsje)