Blog: Vive Le Tour

27 jun 2012 - 13:54

It is safier! Vive Le Tour. Lang leve de Tour de France.

De kommende twa wiken sil ik ôfreizgje nei Frankryk en België. De Tour begjint nammentlik yn it Belgyske Luik. Wêrom net trije wiken, hear ik jo tinken. Om twa redenen. Ten earste ferwachtsje we mear spektakel fan de Friezen yn de earste twa wiken, al witte je dat fansels noait. En fierder is it nochal djoer om trije wiken lang mei te gean. No reizgje we oant de Alpen, mei in camper. De Pyreneeën slaan we dus oer.

Ik reizgje tegearre mei myn kollega fan de Ljouwerter Krante Andries Hoekstra. Hy hat al fiif kear by de Tour west, dus ik nim in brok oan ûnderfining mei. Twa wiken lang hutje-mutje yn in camper. Ik bin benijd nei hoefolle dagen we elkoar de tinte útskoppe, haha.

De kommende twa wiken sil ik besykje myn bydragen te leverjen. Der dogge fjouwer Friezen mei oan dizze edysje, dus der falt wol wat te fertellen. Lieuwe Westra en Pieter Weening binne oanwêzich, mar ek Bauke Mollema en Maarten Tjallingii dogge mei. It is altyd in bytsje arbitrêr. Wa meie je in Fries neame en wa net? Ireen Wüst bygelyks wennet al jierren op It Hearrenfean. En sa ha je ek Bauke Mollema. In Fryskere namme kin hast net, mar hy is opgroeid yn Grinslân. Bauke wennet no yn Ljouwert, mei in Fryske freondinne en hy hat Fryske âlders. Tjallingii is berne yn Ljouwert en hat dêr syn earste libbensjierren trochbrocht en is lid fan hurdfytsferiening De Friesche Leeuw. Opportunistysk as wy binne, Bauke en Maarten binne Friezen. Hielendal as se in etappe winne.

Spannend is it wol, mar o wat ha ik der ferskriklik protte sin oan om de Tour fan tichtby mei te meitsjen. It is dochs in soarte fan jongensdream dy't útkomt.

Trefwurden: 
argyf Tour de France
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)