Tsjûge pakt scooterdief en giet boppe-op him sitten

08 aug 2018 - 12:17

In tsjûge hat tiisdei yn Ljouwert in 19-jierrige scooterdief oanhâlden, troch boppe-op him sitten te gean. De plysje koe de man sa oernimme. De tsjûge hie sjoen dat it slot fan de scooter stikken makke wie en spruts de bestjoerder der yn de Corellistrjitte op oan.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

De bestjoerder naaide út, mar de tsjûge sette de efterfolging yn en koe de dief yn it Beethovenplantsoen oanhâlde. Om him yn betwang te hâlden gie de tsjûge op de dief sitten. De plysje hat de fertochte meinaam. De scooter wie stellen en by de 19-jierrige waard thús in stellen boarmasine fûn. De plysje jout oan bliid te wêzen mei de boargeroanhâlding.

(advertinsje)
(advertinsje)