Bousektor noch yn swier waar

Fakbûn FNV is benaud dat de besunigings dy't it regear útfiere wol, foar noch mear klappen yn 'e bou soargje. Nei alle gedachten sille oerheden hieltyd minder jild útjaan oan bou-aktiviteiten. Anne van Dijk fan it fakbûn ferwachtet mear falliseminten en reorganisaasjes yn 'e bou.
Op koarte termyn soene bedriuwen wolris yn 'e problemen komme kinne troch it útkearen fan it fakânsjejild. Dat is dan tefolle foar bedriuwen dy't it al dreech hawwe.