Deade frou by Abe Lenstrastadion kaam net troch misdriuw om it libben

De frou dy't woansdeitemoarn dea fûn waard yn it wetter by it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean is net troch in misdriuw om it libben kaam. Dat meldt de plysje. It ûndersyk is dêrmei dien.
Stoflik omskot op It Hearrenfean © CAMJO media
De plysje hat it lichem oerdroegen oan de famylje. It waard woansdeitemoarn fûn yn in sleat oan de Karst de Jongwei. De plysje hie de omjouwing ôfset foar it ûndersyk.