SKS kiest foar sleepstart by ynhelwedstriid Wâldsein

08 aug 2018 - 11:28

De skûtsjes fan de SKS begjinne de ynhelwedstriid by Wâldsein mei in sleepstart. Dat hat de wedstriidkommisje bepaald, op advys fan it SKS-bestjoer. De wedstriid moat ynhelle wurde omdat de silerij by Earnewâld tiisdei net troch gean koe. De wyn wie te wif.

Skûtsjes yn sleep foar de start fan it kampioenskip - Foto: ANP

Ren=é Nagelhout (SKS) op it rûtebesprek

De ynhelwedstriid wurdt op 14 augustus holden op de Hegemer Mar by Wâldsein. Dat wie earst in rêstdei. Om 14:00 oere wurdt it 10-minuteskot jûn.

De SKS hat in sleepstart keazen, om de skûtsjes dy't by Earnewâld in geunstige startposysje hienen temjitte te kommen. By dy wedstriid hiene de skippers lotte om de startfolchoarder te bepalen. Skippers dy't by Earnewâld foaroan leinen, begongen in dei earder achteroan, by de wedstriid fan De Feanhoop.

De startfolchoarder op de Feanhoop en by Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân

By in sleepstart starte de skûtsjes achter mekoar, yn in lange sleep. As it startskot klinkt, wurde de trossen lossmiten, en geane de seilen omheech. De lêste kear dat dit barde, wie yn 2016 by Earnewâld. Doe stie de wyn net geunstich foar in wâlstart, en der is net genôch romte foar in gewoane start.

De folchoarder sil by Wâldsein itselde wêze as by Earnewâld. De Súdwesthoeke start as earste, en Huzum begjint hielendal achteroan.

Tradisjoneel is der alle jierren in sleep foarôfgeand oan de iepeningswedstriid by Grou. Dat is gjin sleepstart. De sleepboat lûkt de skûtsjes wol nei it wedstriidwetter, mar dêr is dan in reguliere start.

Trefwurden: 
Wâldsein skûtsjesilen SKS
(advertinsje)