De plysje ûndersiket in fertochte autobrân, tiisdeitenacht op de Engwerd yn Drachten. In buertbewenner warskôge de helptsjinsten nachts om in oere as twa. Se ha de baarnende auto fuorttriuwe kind, sadat it fjoer net oerslaan koe nei de auto's dy't der neist stienen.
De brânwacht hat de motorkape iepenbrutsen en dêrnei it fjoer blust. De plysje hat mei meardere buertbewenners praat. It gebiet om de auto hinne is ôfset en woansdei sil der technysk ûndersyk plakfine. As dat klear is, dan wurdt de skansearre auto fuorthelle.