Deade persoan fûn yn sleat tichtby it Abe Lenstrastadion

08 aug 2018 - 09:58

Yn it wetter lâns de Karst de Jongwei op It Hearrenfean, tichtby it Abe Lenstra Stadion, is woansdeitemoarn in deade persoan fûn. De omjouwing is ôfset en helptsjinsten sille it lichem út it wetter helje. Oer de identiteit en de oarsaak is noch neat bekend. De plysje ûndersiket de saak.

Stoflik omskot op It Hearrenfean - Foto: CAMJO media
(advertinsje)