Brânwacht op 'e nij nei Wateren om nei te blussen

De brânwacht is woansdeitemoarn opnij útriden nei Wateren, krekt oer de grins by Appelskea. Dêr gie tiisdei sa'n 75 bunder heide yn flammen op. De brânwacht is no oproppen om nei te blussen. Meardere brânwachtkorpsen, wêrûnder guon út Fryslân, rieden tiisdei út. Der waard ek in helikopter fan definsje ynset om de brân ûnder kontrôle te krijen. Fiif campings waarden ûntromme. Toeristen en boeren holpen de brânwacht by it bluswurk.