Noch net folle rein fallen yn Fryslân, mar der wurdt mear ferwachte

08 aug 2018 - 08:50

Fryslân hat yn de nacht nei woansdei amper profitearje kinnen fan de rein dy't der foel. De measte delslach waard metten yn de omkriten fan Lippenhuzen, dêr foel 3,6 milimeter, sa lit waarman Jan Jonkman witte. Dat is flink minder as yn it Brabânske Dongen, dêr't neffens Weeronline mei 18 milimeter de measte delslach fan Nederlân foel.

In reinmjitter, no noch leech - Foto: Omrop Fryslân

De ferwachting is dat der fan tongersdei ôf opnij rein falt. Jan Jonkman tinkt dat dat op de measte plakken sa'n 5 oant 10 milimeter wêze sil, mar lokaal kin dat oprinne nei 20 oant 30 milimeter. Wêr't krekt de measte rein falle sil is noch net bekend, mar it liket der op dat it easten fan it lân de measte delslach krijt. Dêrby kin it ek tongerje en is der kâns op wynstjitten. De buien lûke moarntemiddei fan út it suden ús lân yn en ferlitte dat yn de nacht nei freed fia it noarden.

Lippenhuzen hie yn Fryslân yn de nacht nei woansdei de measte delslach, folge troch Boalsert mei 3,2 milimeter, yn Grou en Fryske Peallen foel 1,8 milimeter en yn Bakkefean 1,2. Doanjum kaam net fierder as in heale milimeter.

Trefwurden: 
rein drûchte
(advertinsje)