Kollum: "Admiraal Arno"

08 aug 2018 - 07:50

"Arno Brok wie..... Wat frjemd eigenlik. Eartiids hiene we it altyd oer kommissaris Wiegel, kommissaris Nijpels, en no ha we it inkeld oer Arno Brok en dan wit elk wol dat hy kommissaris fan de Kening is. Ik ha tafallich ferline wike in pear ferhaaltsjes heard oer wat hy efter de skermen as kommissaris docht en dat is in soad. Tagelyk is hy ek oantoanbaar oeral oanwêzich. As kommissaris , mar dan mear as úthingboerd fan de provinsje. Elkenien fynt dat moai.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

Arno Brok wie ferline wike op it konkoers hippyk yn Bûtenpost. Dat docht in kommissaris altyd moarns , want dan kin er de middeis moai nei de PC. Mar it konkoers yn Bûtenpost begûn pas om tolve oere. De organisatoaren leine it him út. Ha de minsken de hiele dei nei hynders sjoen, ek noch yn dy waarmte, dan wit se op it lêst net wa't welk hynder hat. Dan skowe se rillegau nei de kroech en drinke mear as in hynder ferneare kin. Net sa't ik it sis, mar se leine Brok dochs efkes út dat se it konkoers wat oantrekliker foar it publyk meitsje woenen.

Doe sei Brok, ek yn it iepenbier tsjin de sjoernalisten, dat Fryslân gâns tradisjonele eveneminten hat, mar dat de organisatoaren sa no en dan wol wat feroarje moatte. Mei de tiid meigean dus. Hy woe fansels yn goedens mei dy konkoerslju. Mar it waard no suver wat in warskôging oan it adres fan alle oare organisatoaren: feroarje ris wat.

Och heden, twa dagen earder wie de PC al op in oare wize omgien mei de lotting. 164 kear wie dat normaal gien: de foarsitter hâldt in rede weryn't de hiele wrâld te plak set wurdt, dêrnei komt in âld partoer wat ea de PC wûn hat op it toaniel en dan is de lotting. Mar no begûn it pas 9 oere jûns, der wie muzyk, toaniel, in oade oan it keatsen. O sa moai tink ik, mar it duorre sa lang dat de Ljouwerter Krante de drukparsen wer ôfsette, want der wie noch net bekend wa't tsjin wa keatse moast en dat wolle wy de oare moarns om healwe seizen witte.

Sok feroarjen is dus net goed, Arno. We moatte hjir yn Fryslân de saken dêr't we op rekkenje, gewoan oerein hâlde. Wy hâlde fan fêstichheden, seker by tradisjonele eveneminten.

Lykas it skûtsjesilen. De SKS is earder frege troch Ljouwert en de provinsje om wat spesjaals te dwaan dit spesjale kulturele jier. Lokkich sei foarsitter René Nagelhout: "Nee, ús evenemint is altyd sa spesjaal, dêr kin neat spesjalers oer hinne." Wittende dat der safolle publyk komt, hat hy dêr hielendal gelyk oan.

Mar de sneons gie in tradysje fan de SKS yn de hobbel. Fan 1929 ôf starte de skûtsjes by it Houtstek fan de Halbertsmafabriken. Eartiids sylden se dêrwei, letter mei de sleepboat. Al 72 jier regelet de SKS dat de skûtsjes de Pikmar opsleept wurde en dat it publyk dan stean giet, har it fel fan de hannen klappe, en de triennen yn de eagen ha ûnder de toanen fan it Frysk folksliet. Grandioas.

Senuweftige skûtsjeskippers en bemanningen ha it mier der oan. Se moat earder ite, tusken al de rimram troch nei it Houtstek. Harren normale gong fan saken is fuort, mar elkenien docht it altyd wer. Want it heart dochs sa.

No, dat gie dit jier folslein nei de Filistinen. Sa linkendewei farre der safolle nedige en ûnnedige boatsjes omhinne dat it net mooglik is de skûtsjes yn ien line te hâlden. It wjukkelet allegeare wat hin en wer. Skippers ha wol gefoel foar tradysje, mar fine wichtiger dat se gjin oanfarringen krije. Dus se smieten de touwen los, se koenen silend wol by Oostergo weikomme. In gaos kaam de Pikmar op, en elkenien fergeat te sjongen, gûlen of klappen.

Arno Brok hat gelyk. Dit moat feroare wurde. Takom jier leit it steatejacht oan it Grouster starteilân. As de skûtsjes fan de wâl geane, farre se ien foar ien efkes lâns dat steatejacht, litte de nok of fok efkes sakje, de groet yn de sylfeart, en roppe dan admiraal Arno ta: Hoi Arno. Wy klappe. En Arno skriemt."

De Toan fan Eelke Lok

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)