Postma en Bouwmeester sakje by WK-silen yn Aarhus

Marit Bouwmeester einige tiisdei as 14e yn de iennichste race fan de dei by it wrâldkampioenskip silen yn Aarhus. Dêrmei stiet se yn it tuskenklassemint fan de Laser Radialklasse achtste. Der wie mar in bytsje wyn yn Denemarken. Bouwmeester koe dêrom pas jûns yn aksje komme. Woansdei sil besocht wurde de finalerige ôf te meitsjen.
© ANP
Ek foar Pieter-Jan Postma foelen de resultaten tsjin yn de Finnklasse. Yn twa searjes einige er 18e en 12e. Dêrmei sakket er yn it tuskenklassemint fan it 8e nei it 9e plak. Postma hie it dreech mei it 'lêzen' fan de wyn. Woansdei is der gjin rêstdei yn de Finnklasse. Der wurde in pear races ynhelle, dy't earder troch it útbliuwen fan de wyn net trochgien binne.
© ANP