Brân jout spannende draai oan fakânsje yn Wateren

It wienen spannende oeren tiisdeitemiddei foar de kempinggasten en de eigeners fan camping De Blauwe Lantaarn yn Wateren. It fjoer fan de heidebrân kaam op 20 meter fan de kemping. Mar de brânwacht koe it krekt op tiid keare.
Mischa Dibbets © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Eigener Mischa Dibbets fan kemping De Blauwe Lantaarn
Alle 1000 gasten waarden evakuearre. Seis jongeren, út in selskip mei 17 minsken út fjouwer húshâldingen, belibben it allegearre fan tichteby mei. Se fûnen it spannend, mar panyk hat der net west, seinen se. Wol skrik. Kempingeigener Mischa Dibbets seit dat de evakuaasje goed ferrûn al wie der op in pear mominten by in tal minsken wol even wat panyk, bygelyks om húsbisten. Mar alles rûn goed ôf. Sels bleaun Dibbets op it honk en holp se de brânwachten op har terrein. Oer it optreden fan de brânwacht is se tige tefreden.
Jongeren fan kemping De Blauwe Lantaarn © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Kempingjongerein oer de brân