Deadlik ûngelok by Doeksen

© Omrop Fryslân
In man út Harns is sneon ferstoarn by in bedriuwsûngelok op it terrein fan rederij Doeksen. De wurknimmer fan Transport Service Terschelling wie dwaande mei it lossen fan in frachtauto doe't in rolkontainer boppe-op him telâne kaam. Reizgers dy't seagen wat der bard wie, bellen 112.
De man (39) wie der sa slim oan ta dat ek de traumahelikopter út Grins oproppen waard. Hy is yn de ambulânse nei Ljouwert ta brocht, mar dat hat net mear holpen.