Alexander Georgiev út Ruslân spilet tsjin trije Friezen om de wrâldtitel yn it Frysk damjen

07 aug 2018 - 22:36

De finaleronde by it wrâldkampioenskip Frysk damjen yn it stedhûs fan Ljouwert sil gean tusken ien Rus en trije Friezen. Nei acht omlopen yn de foarronde pleatste de Rus Alexander Georgiev him as earste foar de finale, folge troch Jelle Wiersma fan Wommels.

Alexander Georgiev (links) - Foto: Omrop Fryslân

Marten Walinga fan Waaksens en Foeke Tiemensma fan Frjentsjer pleatsten har nei barraazje mei Taeke Kooistra fan Hartwert en Folkert Groenveld fan Jutryp as nûmer trije en fjouwer foar de finaleronde. Alexander Georgiev docht noch net sa lang oan Frysk damjen. Hy is njoggenfâldich wrâldkampioen yn it ynternasjonale damjen. Dat is trije kear mear as Harm Wiersma fan Ljouwert, dy't seis kear wrâldkampioen waard. De finaleronde begjint woansdei om njoggen oere yn it stedhûs fan Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)