FNP wol mear wynmûnen op plattelân opromje

07 aug 2018 - 22:24

FNP yn Provinsjale Steaten wol mear mûnen op it fêstelân opromje, no't wynpark Fryslân mear megawatts oan wynenerzjy opsmite sil. Dat skriuwt de partij yn skriftlike fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten. FNP wol fan it kolleezje witte oft sa'n oerskot oan megawatts yn wynpark Fryslân liede kin ta minder mûnen op it plattelân.

Wynenerzjy - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It giet dan foaral om it opromjen fan âldere, besteande mûnen. It maksimum oan wynenerzjy yn Fryslân is foar de FNP 530,5 megawatt, seit steatelid Klaas Fokkinga. As wynpark Fryslân yndie mear megawatts oan wynenerzjy opsmite sil, wol de FNP ek fan it kolleezje witte oft de tiphichte fan de mûnen by Nij Hiddum-Houw ek leger wurde kinne. Yn de streek by de kop fan de Ofslútdyk hat in soad opskuor west oer de pleatsing fan njoggen megawynmûnen fan hast twahûndert meter heech.

Trefwurden: 
FNP wynenerzjy
(advertinsje)
(advertinsje)