Wetterskip lûkt lessen út ekstreme drûchte

07 aug 2018 - 22:10

Wetterskip Fryslân hâldt alle draaiboeken foar drûch waar nochris goed tsjin it ljocht. Der moat goed sjoen wurde oft de kar dy't no makke wurdt wol takomstbestindich binne. Drûge perioaden lykas no kinne faker foarkomme en dus wol Wetterskip Fryslân alle draaiboeken nochris goed besjen. Dat seit Jan van Weperen, lid fan it deistich bestjoer. No't der rein foarsein is, sjocht Omrop Fryslân mei him werom op de lessen dy't it Wetterskip lûkt út dizze ekstreme drûge perioade. Ien fan de konklúzjes: "We moeten weerbaarder worden."

Foto: ANP

Harkje hjir nei de bydrage fan ferslachjouwer Hayo Bootsma

It Wetterskip wie goed taret op in lange drûge perioade, seit bestjoerder Jan van Weperen fan it Wetterskip. It peil wie dizze maitiid al omheech brocht en sadwaande stie der in soad wetter yn de sleatsjes rûnom yn de provinsje. "We kunnen ons tegen veel facetten van droogte goed wapenen, dus bijvoorbeeld door het waterpeil te verhogen. Toch moet je op een bepaald moment besluiten tot maatregelen, als je ziet dat er een watertekort dreigt."

Wetterpeil ferheegje

Ien fan de oplossing is it ferheegjen fan it wetterpeil yn de Iselmar. Kommende maitiid moat dat 10 sintimeter heger lizze as dit foarjier. "Je hebt dan een enorm waterreservoir voor handen," sa seit Van Weperen. "Maar makkelijk is deze discussie niet. Want alle Waterschappen rondom dit meer hebben allemaal weer andere belangen." Der moat ek in soad wurk ferset wurde om de ferheging fan it wetterpeil mooglik te meitsjen. Rûnom de mar wurde tal fan maatregels naam om bygelyks de natuer te beskermjen tsjin it heger wetterpeil. Samar mear wetter opslaan yn de mar is neffens Van Weperen dan ek net de oplossing: "We moeten kijken naar hoe we juist in dat achterland van ons, die kleine slootjes, meer water krijgen."

Der binne ferskate mooglikheden foar, sa seit Van Weperen. Njonken de sleatsjes ek yn greidelân. "Weilanden met bijvoorbeeld veel organische stof in de grond nemen meer water op. Die zijn nu ook groener." Van Weperen leit út hoe't dat wurket: "Je moet dat materiaal zien als een soort van spons. Met veel water neemt het vocht op en als het droger wordt geeft het vocht af aan de wortels." Feangrûn hat de measte organyske stoffen, mar ek yn klaaigrûn is it werom te finen.

Update draaiboeken nedich

Foar de draaiboeken jildt itselde. Dy moatte mooglik oanpast wurde: "Nu is de eerste prioriteit veiligheid. Dat staat op 1. Dan de landbouw. Hoe ga je daar mee om? Moet dat niet aangepast worden naar de toekomst toe? Je moet die discussie wel voeren. Andere Waterschappen leggen bijvoorbeeld andere prioriteiten nu. Reden dus voor ons ook om daar nog eens goed naar te kijken."

No liket it derop dat it de kommende dagen wat faker reine sil. Sa'n bui is moai, mar it duorret noch wol eefkes foar't it wettertekoart oplost is. Van Weperen: "Dat kan zo maanden duren. Het hangt ook erg af van de hoeveelheid water die via de rivieren aangevoerd wordt."

(advertinsje)