Soad drokte foar lifeguards op It Amelân

07 aug 2018 - 18:10

Mei it moaie waar fan de lêste tiid lizze ek de strannen fan de Waadeilannen alle dagen fol. In soad minsken makket fansels dat der ek wolris wat mis giet, of mis driget te gean. Yn dat gefal stean de lifeguards klear om te helpen.

De strânwachten merke de lêste tiid dat se foaral in soad EHBO-gefallen tsjinkomme. Dy moatte se allegear byhâlde, om't de gemeente It Amelân graach sjen wol wat der alle dagen bart op it strân. Dochs dogge se leaver net tefolle, want sa seit lifeguard Judith van Driel: "Als ik niet veel te doen hebt gehad, hebben mensen een leuke dag op het strand gehad zonder problemen."

It strân as eftertún

Der binne fjouwer hokjes mei strânwachten op It Amelân. Yn alle hokjes binne der trije lifeguards oan it wurk. Ien fan harren rint bygelyks hieltyd by de wetterline om dêr de boel yn de gaten te hâlden. In oar docht dat fan it hok út mei in fierrekiker. Neist it wurkjen wenje de lifeguards ek yn harren hok. Der is in lytse romte mei steapelbêden, en in lyts keukentsje. Of, sa't lifeguard Joost Loeve laket: "Dat maakt dit werk onder andere zo mooi. Het strand is onze achtertuin."

In lifeguard op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
(advertinsje)