Swiere klaai soarget foar skuorren yn wetterkearing by Heech

07 aug 2018 - 17:47

Swiere klaai yn de wetterkearing by Heech liket te soargjen foar skuorren. Dat is in earste foarsichtige konklúzje út ûndersyk fan it wetterskip. Ynspekteurs hienen by eardere kontrôles konstatearre dat der skuorren yn de mardyk sitte. Klaai liket dêr de oarsaak fan te wêzen.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De ekstreme drûchte hat soarge foar tal fan skuorren yn de wetterkearing lâns de Djippe Sleat by Heech. De rayonbehearders hâlde de diken goed yn de gaten. Yn guon skuorren ha se klaai stoart om te sjen wat it effekt is as it aanst wer reint. Se tinke dat de skuorren dan fansels wer tichtgean.

Gefaar is der perfoarst net. "De dyk wurdt goed yn de gaten hâlden en as it moat fersterkje we de boel", seit Hindrik Bijma fan it Wetterskip.

(advertinsje)