Sankt Pauli iennichste klup foar Henk Veerman

07 aug 2018 - 17:42

Sankt Pauli is de iennichste klup dy't noch yn de race is foar Hearrenfeanspits Henk Veerman. ADO Den Haag hie ek belangstelling, mar dy klup giet net fierder mei Veerman.

Foto: www.orange-pictures.nl

"Het duurt ons allemaal te lang," seit technysk manager Jeffrey van As fan ADO. "We hadden Veerman graag als opvolger van Bjørn Johnsen vastgelegd, maar dan moet de liefde wel van twee kanten komen. Eerder stonden wij nog bovenaan zijn lijstje. Prima, maar dan schakelen wij door naar andere opties en zetten we er een streep door."

Veerman hat noch in kontrakt by SC Hearrenfean foar in jier. Hy spilet sûnt begjin 2015 foar Sportklup Hearrenfean. Yn 95 kompetysjewedstriden makke de Volendammer 17 goals.

De oare klup dêr't Veerman mei praat is Sankt Pauli, út Hamburg. Dy klup komt út yn de twadde Bundesliga.

(advertinsje)