14.000 parkearplakken foar Reuzewykein (17-19 augustus)

07 aug 2018 - 17:34

It is ien fan de grutste logistike útdagingen yn de histoarje fan de stêd Ljouwert: de komst fan de Reuzen fan Royal de Luxe. De ferwachting is dat it evenemint hûnderttûzenen minsken nei de stêd lûke sil. En dy sille foar in grut part mei de auto komme. Dêrom hat de organisaasje 14.000 parkearplakken regele.

Xolo de hûn - Foto: Royal de Luxe

Parkearje

Besikers dy't mei de auto nei de Reuzen fan Royal de Luxe ta wolle kinne in parkearplak fine op ien fan de trije megaparkearplakken dy't krekt bûten Ljouwert ynrjochte wurde. It giet dan om de folgjende lokaasjes:

  • De Hemrik, by de Planetenlaan. Hjir hawwe in grut ferskaat oan bedriuwen harren parkearplakken beskikber steld foar it evenemint.
  • De greiden by de Súdlannen, de Middelsee, krekt njonken Ljouwert.
  • De Dairy Campus, oan de súdkant fan de stêd.

Der wurde pendelbussen ynset om de minsken fan de parkearplakken nei it sintrum fan de stêd te bringen. Dizze sille alle fiif minuten ôf- en oanride, en hawwe in rûte nei it Sixmaplein of it stasjon.

De organisaasje drukt minsken op it hert om foaral net op eigen houtsje in parkearplakje te sykjen yn de stêd. Trochdat de rûtes fan de Reuzen troch de folsleine stêd rinne, binne in soad diken ôfsletten en sille der ek in soad parkearferbodden wêze. Dêrnjonken binne de parkeargaraazjes yn de stêd foar it grutste part net berikber.

Iepenbier ferfier

Arriva en de NS hawwe tasein dat se yn it evenemintewykein fan de Reuzen mear en langere treinen en bussen ynsette sille. Neffens Hans Faber fan de gemeente Ljouwert sil der besocht wurde om de treinen op maksimale lingte te krijen. Dat betsjut dat se dan like lang binne as de stasjons dy't se oandogge.

De tsjinstregeling fan Arriva sil troch it evenemint foar in grut part oanpast wurde moatte. Om't de Reuzen troch de folsleine stêd rinne, kin in grut tal bussen net de gewoane rûte ride. Minsken dy't mei de bus reizgje, moatte dus de ynformaasje fan Arriva yn de gaten hâlde om út te finen oft har bus noch hieltyd de gewoane rûte (en op tiid) rydt.

(advertinsje)