Fertriet oer stellen guozzen

27 jun 2012 - 12:10

De guozzen fan Rein Walinga fan Aldegea binne stellen. It giet om nuete guozzen dy't er brûkt foar it guozzeflappen. In tradysje dy't fan pake op heit op soan oergien is. Alle bisten oan de Feandyk op De Gaastmar binne stellen. De wyfkes binne fan de aaien helle en de twa piken bin ek meinaam.

De famylje fan Rein makket him soargen oer Rein, want hy is kwetsber en de guozzen wiene syn alles. Yn it pinksterwykein kamen earder al dieven. Ofrûne wykein ha se de lêste 18 fan de 40 guozzen meinaam. De famylje begrypt net wa't soks dwaan kin.

Rein Walinga tinkt dat se mooglik nei Frankryk gien binne, dêr't nuete guozzen noch brûkt wurde meie foar de jacht.

Trefwurden: 
guozzen stellerij
(advertinsje)