It is horderinster Anna Sjoukje Runia fan Easterbierrum net slagge om op it EK atletyk yn Berlyn fierder te kommen as de kwalifikaasjes. Op de 400 meter kaam se mei in tiid fan 57,76 as sechde oer de finish. Allinnich de earste trije kwalifisearren har foar de heale finale. Robine Schürmann út Switserlân wûn de searje mei 56,35.