Grut wettertekoart en steuring: Kazemattemuseum krijt gjin drip mear

07 aug 2018 - 14:38

De fraach nei wetter yn Fryslân is sa grut dat it Kazemattemuseum op de Ofslútdyk hielendal gjin wetter mear krijt. Dat litte meiwurkers witte oan Omrop Fryslân. Fan it iene op it oare momint kaam der gjin wetter mear út de kraan. En dat krekt op ien fan de hjitste dagen fan it jier. Vitens seit dat de wetterdruk betiden leech is, mar dat der ek in steuring is troch in wetterlek.

De wetterkraan - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De meiwurkers en besikers besykje no mei wetter út de Iselmar wc's troch te spielen. En kwa drinken moatte se it dwaan mei it fris dat noch yn de kuolkast lei. Ek sil der tiisdei net skjinmakke wurde.

Neffens frijwilliger Lammie is it Kazemattemuseum net de iennichste dy't sûnder wetter sit. Ek in hotel yn de buert soe gjin farsk kraanwetter mear krije. De meiwurkers hawwe kontakt opnaam mei Vitens, dy seit dat de rein fan woansdei mooglik in oplossing biede kin.

By it Kazemattemuseum binne se net bliid: "Hjir binne wy moai klear mei!"

Update: it probleem is yn de rin fan tiisdei ferholpen. Neffens Vitens wie der in lek yn in lieding en dêrtroch kaam der gjin wetter út de kraan.

(advertinsje)