FIDEO: Skûtsjeskippers wachtsje op de wyn by Earnewâld

Earnewâld is it striidtoaniel fan de tredde wedstriid fan de SKS. Foarich jier pakte Akkrum hjir de winst. Dat skûtsje hie it earste startnûmer lotte. Dit jier start de Súdwesthoeke op it earste plak. Akkrum start as tredde.
Der hinget in wite flagge yn it want fan de startkotter. Dat betsjut dat de wedstriid foar ûnbepaalde tiid útsteld is. Neffens it reglement mei der nei 16:00 oere net mear starten wurde.
Ut Fryslân Hjoed skûtsjesilen Earnewâld
It wachtsjen op de start
Omdat it wetter by Earnewâld net rom genôch is foar in reguliere start, wurdt der krekt as op De Feanhoop fan de wâl ôf starten. Wa't foaroan leit, is mei in lotting bepaald. De startfolchoarder is krekt oarsom as by De Feanhoop.
Oare jierren moasten de foarste skûtsjes in eintsje fierder farre, oant it eigen buordsje yn de finishfeart, mar omdat der by De Feanhoop by in tonne finishe is, sil dat no by Earnewâld ek sa wêze. Sa moat de lotting sa min mooglik ynfloed ha op it klassemint.
Skûtsjeskippers wachtsje op de wyn by Earnewâld
De startfolchoarder op de Feanhoop en by Earnewâld © Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Geartsje de Vries sjocht foarút op de wedstriid
Online stjoert Omrop Fryslân alle wedstriden live út, mei kommentaar fan Freark Wijma en Eelke Dijkstra. Yn Fryslân Hjoed is om 18.00 oere in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.