Plysje warskôget foar gefaarlike foarken op it strân fan Reahel

07 aug 2018 - 13:25

De plysje warskôget besikers fan it strân by Reahel om goed út te sjen. Op it strân binne moandei fjouwer foarken fûn, dy't sa yn it sân dellein wiene, dat minsken ferwûne reitsje kinne, as se der yn stappe. Lang net elkenien hat skuon oan op it strân.

Foto: Plysje De Fryske Marren

De stâlen fan de foarken binne ôfbrutsen, en twa fan de fjouwer punten binne omheech bûgd. Se binne sa ûnder it sân drukt dat minsken der op stappe kinne. It is net dúdlik wa't dat dien hat. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)