Tall Ships Races 'daverjend sukses' mei 335.000 besikers

07 aug 2018 - 13:09
Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

In daverjend sukses. Sa omskriuwt de organisaasje fan de Tall Ships Races it evenemint dat it ôfrûne wykein sa'n 335.000 besikers nei it maritime feest Harns luts. De Tall Ships kamen freed oan en binne moandei wer de see opgien. Nettsjinsteande dat der in soad minsken nei Harns kamen, bleau it oeral gesellich en koene minsken oeral goed bykomme.

Tall Ships Races, Harns kade - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Neffens de organisaasje is it sukses foar in grut part te tanken oan de ynset fan 300 frijwilligers en de gemeente Harns. Neist besikers út Fryslân sels, kamen ek in soad bûtenlânske gasten nei Harns. It evenemint wie fjouwer jier lyn foar it earst yn Harns. De organisaasje wol it evenemint oer fjouwer jier graach wer hâlde en is al dwaande mei in bidbook.

(advertinsje)
(advertinsje)