FIDEO: Wa binne de kânshawwers op de Freule?

07 aug 2018 - 12:58

Mei noch mar ien nacht oant de 116de Freule sjocht Omrop Fryslân mei keatser Sjoerd de Jong foarút op it evenemint. We rinne de kânshawwers fan 2018 nei. Alles watst witte moatst oer de patoeren fan dit keatseizoen is hjir te sjen.

De Freule is de grutste keatswedstriid foar jonges. Der dogge yn totaal 50 partoeren oan mei. De 116e edysje fan de Freule is no woansdei fan 09.00 oere ôf.

Om 19.00 oere stjoert Omrop Fryslân it Freule Kafee út. Yn dit radioprogramma sjocht Geert van Tuinen mei Sjoerd de Jong foarút op de wedstriden. It programma wurdt om 18.00 oere opnaam yn It Reade Hynder yn Wommels.

Trefwurden: 
keatsen Freule
(advertinsje)