Ljouwerter reisburo skrokken fan ierdbeving op Lombok

07 aug 2018 - 12:31

By it Ljouwerter reisburo HSS Aziëreizen binne se bot skrokken fan de swiere ierdbevingen op it Yndonezyske eilân Lombok. Dêr binne mear as hûndert deaden fallen. De skea oan huzen en ynfrastruktuer is grut.

In man garret syn guod nei de ierdbeving op Lombok - Foto: ANP

De touroperator mei wa't it reisburo al jierren gearwurket, is in diel fan syn hûs kwyt. Boppedat is in bouprojekt dêr't er by belutsen wie hielendal fuortfage.

Der binne op dit momint gjin klanten fan it reisburo op it eilân. Dochs krije se in soad telefoantsjes fan minsken dy't haren soargen meitsje. Se wolle witte oft se noch wol nei Yndonezië ôfreizgje kinne.

Freddy van Sorgen oer de sitewaasje op Lombok

It reisburo, de eardere stichting Het Schone Streven, hie foar septimber in reis nei dy omkriten op it programma stean, mar sil ûnderdielen oanpasse. Utstapkes nei eilantsjes yn de buert fan Lombok gean net troch. ''Lombok en omgeving zijn door het ministerie van Buitenlandse Zaken tot een No Go Area verklaard'', seit Freddy van Sorgen fan it reisburo.

Sadree't der mear dúdlik is oer de skea, sil de stichting help oanbiede. Dat ha se earder ek dien, nei in ierdbeving yn Djakarta. Fan de finansjele help binne doe huzen boud mei in goede fundearring. ''Maar het kan ook zijn dat we investeren in de watervoorziening. Via lokale partijen horen we waar behoefte aan is'', seit Van Sorgen.

(advertinsje)
(advertinsje)