Goud foar Thijsje Oenema

05 nov 2011 - 12:32

Thijsje Oenema fan De Jouwer is sneon foar it earst Nederlânsk kampioen ôfstannen wurden op de 500 meter. Sy wûn lykas freed op Thialf ek de twadde 500 meter. Har tiid wie 38.68.

Kampioen fan ferline jier Margot Boer waard twadde yn 38.83. Annette Gerritsen pakte it brûns yn in tiid fan 38.94. Boer en Gerritsen wiene freed op de earste 500 meter ek twad en tred.

(advertinsje)