Man oanhâlden nei mishanneling meiwurker ynstelling
In 66-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn oanhâlden nei't hy in meiwurker fan in ynstelling oan de Knoopstrjitte in klap yn it gesicht jûn hie. De man woe perfoarst nei binnen, mar waard troch meiwurkers tsjinhâlden. Nei oanlieding fan de mishanneling is de man oanhâlden. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.