Geert fileart #6: De Freule wol mar gjin kafee

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus pas op!
© Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
Wy meitsje dit jier foar it earst in Freule Kafee. Nei PC Kafee, Fierljep Kafee en Skûtsje Kafee, no ek in spesjaal programma oer dy tradisjonele jongespartij, dy't yn 1903 foar it earst ferkeatst waard.
De redaksje fan it programma fynt it prachtich dat de Omrop dat Freule Kafee útstjoere wol en wy gienen dan ek mei ynmoed oan de slach.
No hawwe wy wat ûnderfining, want al sûnt 2003 meitsje wy mei sa'n bytsje deselde redaksje it programma PC Kafee. En wat opfalt by de produksje fan PC kafee: Yn 99 fan de 100 kear is ien telefoantsje nei in gast dy't wy graach yn it programma hawwe wolle foldwaande om in slutende ôfspraak te meitsjen.
Dat makket it produsearjen fan PC Kafee ta in grut genoegen. Al mei dat produksjeproses ûntstiet dat unike gefoel fan 'mei-inoar in moai programma meitsje'. Mei-inoar prate oer keatsen. Goed foar de útstrieling fan dy prachtige sport.
Mei deselde optimistyske ynstelling begongen wy oan de produksje fan it allerearste Freule Kafee.
En it gie dat it slydjage. Topkeatser Sjoerd de Jong sil it programma mei presintearje. Mar, sa seinen wy yn de redaksje tsjin him: "Wy moatte dy earst efkes filearje, want do hast in bysûndere Freule karriêre achter de rêch."
Sjoerd fûn it goed en hy fûn it sels prachtich dat wy syn 'plaaggeest' fan 2008, Jouke Bosje fan Wjelsryp (dat de Freule fan dat jier wûn) ek útnûgje woenen. Allebeide samar klear. Itselde jildt foar it partoer fan Menaam, dat de Freule yn 2016 wûn. Woenen we ek mei prate, want it hat der wat fan dat dy trije talintfolle jonges mei keatsen ophâlde wolle. In moai ûnderwerp foar Freule Kafee. Ien telefoantsje: Klear. Sy komme.
1998 en 1999 wienen yn meardere opsichten dramatyske Freulejierren foar Berltsum, wêrby't it net allinnich om sportyf leed gie. In famyljedrama spile heftich mei. Ien appke nei haadrolspiler Bauke van der Graaf wie genôch: Ik kom en ik nim myn omke Fedde mei, want dy wie de coach destiids. Moai sa. Dat gie dus flot.
Raynaud Ritsma hie ek oan ien fraach genôch, dus Vangrail fersoarget de live-muzyk. Machtich.
Doe hienen wy noch ien belangryk ûnderwerp yn te foljen: In Freule partoer dat dit jier mei dwaan sil. Wy koenen te kust en te keur, want de de Freule hat de lêste jierren noch noait safolle kânshawwers hân as dit jier. Wy tochten der oer nei en kamen ta in kar. En doe waard it lestich.
It earste partoer dat wy fregen, fia de heit fan ien fan de keatsers (en nee, ik neam de partoeren net by namme). "Ik sil dat efkes mei de jonges oerlizze", wie it antwurd en ik krige der direkt al net in goed gefoel by. Afijn, in antwurd op de fraach bleau út. Dus ik stjoer in appke. Mei de fraach hoe't it komt. Dit krige ik werom: "Ik ha se frege en se wolle harren konsintrearje op de woansdei. Dus it wurdt him net. Ik bin dat ek wol mei har iens."
Ik wie in tikje ferbjustere. Konsintrearje op woansdei? Wurdt dat dan fersteurd troch 10 minuten te gast te wêzen yn Freule Kafee? Wat sille wy no belibje. Mar goed, kânshawwers genôch, dus op nei de folgjende. Selde ferhaal; selde ritueel. "Uuhh, wy sille dat efkes oerlizze; wy belje werom." Dat duorre dan geregeld langer as tasein wie, mar it antwurd wie alle kearen gelyk: "Nee. Wy sjogge der dochs mar fan ôf."
Achter elkoar krigen wy dizze berjochten. En de ferbjustering sloech by al dy telefoantsjes hieltyd hurder ta. Koart sein: Wy hawwe acht dielnimmende partoeren frege om te gast te wêzen yn Freule Kafee. Wy hawwe alles út de kast helle. Alle relaasjes ynskeakele, mar in 'ja' krigen wy net. Jeugdkommisjes, âldelju, trainers, coaches en wat al net mear om sa'n jongespartoer hinget as de Freule der oan komt hat him der yn ferskate doarpen mei bemuoid. En sy doarsten it allegear net oan en stjoer in partoer efkes nei it Freule Kafee.
Jonges, jonges! Waar zijn wij nu helemaal mee bezig. Geregeld seure dat de Omrop temin oan it keatsen docht, en dan sels de keutel ynlûke as der in moai nij inisjatyf ûntwikkele wurdt. Kom op sis.
Efkes in leuk petear yn in radioprogramma. Mear is it net. Soe dat de konsintraasje no sa fersteure? Ik leau der gjin bliksem fan! Angsthazzen binne it dy't dat tinke. Oehhh.. Net opfalle, net profilearje, want it koe wolris tsjin ús wurkje kommende woansdei. Tsja, wy hawwe de wize holle mar in kear skodde. Wat in kâldwetterfrees is dit! En wat in kâns litte je lizze om it keatsen, mar ek josels en je partoer, je doarp of stêd, moai del te setten yn sa'n programma. En dêrmei sympaty te krijen.
Sjoch, ik wit wol: Ik moat jim net opsadelje mei it produksjeproses fan in radioprogramma. Dat heart sa net. Dat is ús probleem. Mar ik doch it no wol. Want as dit de trend wurdt yn keatslân, dan meitsje de keatsers fan moarn (mar ik tink mear noch al dy 'folwoeksen' figueren dy't der om hinne dûnsje) it keatsen kapot.
Sport en media hawwe elkoar nedich. Pak dat profesjoneel op, sa as jim ek 'profesjoneel' op de dei sels dy jonges hielendal stikken coache. En sjit net sa yn de kramp. Nearne foar nedich. Dit moat takom jier al oars.
O ja, wy kamen lang om let út by it partoer fan de Osinga's fan Ingelum. Der komme twa fan de trije. En wy binne der bliid mei.
Freule Kafee nimme we tiisdei 7 augustus om 18.00 oere op. We stjoere it út tusken 19.00 en 20.00. Tip: Kom gesellich nei It Reade Hynder yn Wommels en genietsje fan de ferhalen en de muzyk. In prima, relaxte wize fan tarieding op de Freulepartij. En takom jier sels meiprate graach. Ik rekkenje der op.