Mous Pompenbouw is fallyt

Mous Pompenbouw út Balk is fallyt troch de malêze yn 'e bou. Dêrtroch wie der folle minder wurk foar al de 54 wurknimmers. Dêr kaam noch by dat de ferliezen net op 'e tiid sjoen binne om't der in nij bestjoeringssysteem is. Der lizze noch oarders foar 1,5 miljoen euro en dêrom wurdt der alles oan dien om in trochstart te meitsjen. Wol mei minder personiel.
De krisis slacht ek ta yn Dokkum. Holtrop & Jansma ôfsûch- en filtertechnyk jout 25 fan de 54 wurknimmers dien.