Mysterieus skynsel boppe Ljouwert komt fan sinnepaniel satellyt

Sattelyt © Twitter, Vliegbasis Leeuwarden
It wie in mysterieus ferskynsel dat de hear Woltekker út Ljouwert op 30 juny op de foto sette. Yn it skimerljocht boppe de stêd wie in fûl ljochtpunt te sjen, dat stadichoan yn de rjochting fan it noardwesten ferdwûn. Mar wat wie it?
It ferskynsel © Facebook, Koninklijke Luchtmacht
De fleanbasis Ljouwert socht it mei de Joint Meteorologische Groep en it Space Security Center út: de UFO wie in satellyt. Om krekt te wêzen: satellyt Iridium 128. Neffens de fleanbasis sweeft de satellyt mei in hichte fan sa'n 800 kilometer relatyf leech boppe de ierde. De satellyt hat grutte sinnepanielen en troch bysûndere omstannichheden kin it foarkomme dat dy it ljocht fan de sinne sa bot reflektearje, dat dat op ierde te sjen is.