Dokterswacht wer berikber nei steuring by Ziggo

07 aug 2018 - 10:19

Dokterswacht Fryslân is wer telefoanysk berikber. Moandei wie der oan de ein fan de middei in steuring by kabelbedriuw Ziggo. Dêrtroch wie de Dokterswacht oant 1 oere, yn de nacht fan moandei op tiisdei, net berikber fia it sintrale nûmer. De steuring is ferholpen, mar de oarsaak is noch net bekend. Neist de Dokterswacht wiene reisorganisaasje TUI, it Erasmus MC, it Leids Universitair Medisch Centrum en GGZ Fryslân net of min te berikken.

(advertinsje)