Otterboerd It Fryske Gea út de Jan Durkspolder stellen

In spesjaal foar It Fryske Gea makke boerd, dat warskôget foar oerstekkende otters, is stellen.
It boerd, dat by de Jan Durkspolder by De Feanhoop stie, waard de natuerorganisaasje skonken troch in sponsor. It waard earder ek al ris fernield en is doe fêstlaske. Dat hat net holpen, it boerd is fuort en boppedat is de peal dêr't it op stie krom lutsen.
It Fryske Gea ropt op it boerd werom te bringen. Minsken dy't tips hawwe wurdt frege har te melden.