It is tiisdei net allinne hjit, der is ek kâns op smog

Hiel Nederlân kin tiisdei te meitsjen krije mei smog, dêrfoar warskôget folkssûnensorganisaasje RIVM. De ferwachting is wol dat yn it easten fan it lân de heechste konsintraasjes metten wurde.
Simmerlânskip © Shutterstock.com
Smog troch oazon ûntstiet by opheapping fan loftfersmoarging op dagen mei in protte sinneskyn en mei amper wyn. It kin liede ta hoastjen, koartamich, en astmaklachten kinne troch smog slimmer wurde. Ek ha in soad minsken lêst fan yrritaasjes oan de eagen, noas en kiel.
Wa't gefoelich is foar fersmoarge lucht, docht der goed oan binnen te bliuwen en gjin swier lichaamlik wurk te dwaan, sa meldt it RIVM. "Woensdag wordt het beter, de luchtkwaliteit is dan in het ongunstige geval 'onvoldoende' maar dus niet meer 'slecht'", sa seit de organisaasje.