Gevel gebou Skrâns wol behâlde

27 jun 2012 - 11:13

De gemeente Ljouwert besjocht oft de gevel fan it gebou oan de Skrâns stean bliuwe kin. It gebou baarnde moandeitenacht ôf. Earder waard meld dat de gevel delhelle wurde soe fanwegen gefoar op ynstoarten. De omjouwing is dêrom ek ôfset. De gevel sil stut wurde.

De plysje docht woansdei ûndersyk yn it ôfbaarnde gebou. Dêrby wurde ûnder oare in speurhûn en in kraan ynset. Doel is de oarsaak fan de brân te achterheljen. Dy resultaten wurde ein dizze wike ferwachte. Der wurdt ek mei tsjûgen praat. It gebou is by de brân swier beskeadige.

Neffens de histoaryske feriening Aed Levwerd binne de gevel en benammen de âlde geveltablo's fan histoarysk belang. Mocht it te gefaarlik wêze om de muorre stean te litten, soe in oare opsje wêze om wer ôf te brekken en opnij op te bouwen. De Skrâns bliuwt foarearst ôfsletten foar it measte ferkear. Allinne fytsers kinne der del.

(advertinsje)
(advertinsje)