Kollum: “Waarom heb je geen haar meer?”

"It aller- allerdomste idee oait wie ús twa pjutten meinimme by it besjen fan huzen. Doe't we de auto parkearren gong it al mis. Us jongste 'ik ben bijna twee, ik zeg nee' woe net út syn autostuoltsje. Ik makke him los en sette him op de stoepe. Hy langút op it paad mei syn gesicht tsjin de strjitte oan drukt. Piipje. Hy hie toarst. Hy wie roppich. Hy wie wurch. Hy fûn it libben o sa swier.
© Omrop Fryslân
Mei in sûkelade-ryswafel yn de hantsjes dat wie it earste wat ik sa hurd fine koe om him stil te krijen kamen we by it hûs. Wylst de makeler oanrinnen kaam, koe ik krekt foarkomme dat der twa bern in mûle fol smolten sûkelade tsjin de foarrút fan it hûs drukten.

Ik hyste de soan yn in de draachsek op de rêch. Sa hie ik de de hannen frij foar myn opskriuwboekje. Normaal fynt er it altyd wol gesellich en jout er him del. No net. Hy siet as in springend geitsje op myn rêch te hippen en te wrakseljen. De makeler fertelde yntusken al wiidweidich oer it hûs. Soan mar wer út de draachsek.

Ik jou se Peppa Pig op myn telefoan, tocht ik. Peppa Pig is een tekenfilmsearje oer in bargefamylje. Us soan libbet foar Peppa Pig. It is syn grutste passy. Sterker, it wiene syn earste wurdsjes. Dus, hup, telefoan yn de hantsjes, dan koe ik my op it grutste beslút fan myn libben konsintrearje: it keapjen fan in hûs op it allerhytst fan de wenningmerke, yn ien fan de djoerste stêden fan ús lân op in hite dei. De bern leine fredich op de búk mei de telefoan foar de snút.

Ik fleach troch it hûs. Net omdat ik no sa blown away wie fan de skiterige badkeamer mei ynmitsele brûne tegels of de wc, like âld as it boujier fan it hûs, 1935, mar omdat ik hastich wie. Je ha net sa lang de tiid om sa'n hûs te besjen en de makeler en de bern makken my nerveus. Komt de dochter oanrinnen. Bloednoas. Hastich in doekje derûnder. Flekje fuort poetse fan de flier. Oeps. En sorry, wat seinen jo, menear de makeler.

Wy nei boppe. De soan woe fansels ek mei, Peppa Pig gjin sekonde út syn eachhoeke ferliezend. Ik sette him op de oerloop mei de telefoan yn syn hân. Ik nei de souder. Kom ik ûnder, leit de soan mei Peppa Pig op it twapersoansbêd. Mei syn skuon oan.
De âldste stie yntusken in grutte teddybear te omearmjen dy't yn in útfanhûzerskeamer op it bêd lei. Dit soe har keamer wurde, sei se fertedere. Wy nei de auto werom. Yntusken wie de temperatuer bûten omheech gong nei 30 graden.

Op hûs oan. Komt der reek ûnder de motorkape fan de auto wei dy't ik twa dagen derfoar kocht hie. De auto smoarhyt, de bern smoarhyt, ik smoarhyt, de wenninmerke smoarhyt.

Yn hûs twa aaide ús dochter it boeddhabyld boppe op de salontafel en sei tsjin de makeler: "waarom heb je geen haar meer?" De makeler lake fatsoenlik. "Dit vind ik altijd zúlke leuke vragen", zei er krekt wat te opgewekt.

We stiene kompleet yn ein, it hier yntusken griis, neist de kapotte auto. Fan skrik diene we in bod op it earste hûs."
De Toan fan Nynke Sietsma
Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle. Har kollums geane oer it deistich libben of wat har ek mar ferwûnderet.