Drokte foar Fryske plysje yn Ljouwert en Drachten

07 aug 2018 - 07:12

De plysje yn Ljouwert hat moandei in 50-jierrige man út Minnertsgea oanhâlden. De man siet yn in auto dy't earder stellen wie troch in 59-jierrige man. De 59-jierrige man hie de auto net werombrocht nei in proefrit en is oanhâlden. De man út Minnertsgea wie ûnder ynfloed fan heroïne en kokaïne. Der is in bloedproef fan de man ôfnaam. It ûndersyk is yn folle gong.

Plysjemotor - Foto: Shutterstock.com

De plysje hat sneintejûn trije manlju oanhâlden, dy't yn de Arendstún foar in soad oerlêst soargen. De manlju fan 20 en 23 jier sieten oan de drank en makken in soad rotsoai. Dy rommel moasten se sels oprêde en se krigen in proses-ferbaal foar it drinken yn it iepenbier. Ien fan de manlju wegere om op te rêden en krige hjirfoar in twadde proses-ferbaal.

Twa manlju út Ljouwert en Zevenaar binne oanhâlden foar it kreakjen fan in jildwikselautomaat yn in winkel oan it Cambuurplein yn Ljouwert. De eigener fan de saak droech kamerabylden fan de fertochten oer oan de plysje. Dy koe de manlju dêrnei op de Schieringerwei oanhâlde. It giet om in 24-jierrige Ljouwerter en in 44-jierrige man út Zevenaar.

Fjouwer winkellju út Drachten ha fia de plysje stellen klean werom krigen. De plysje hâlde in 24-jierrige man út Ter Apel oan foar winkelstellerij. De man waard yn in supermerk oan De Marke yn Drachten trappearre op winkelstellerij. Hy hie in preparearre tas by him, dy't fol siet mei stellen klean.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)