Omrop TIP: it Freule Kafee mei Geert van Tuinen

Op de foarjûn fan de Freule is it op tiisdei 7 augustus tiid foar it alderearste Freule Kafee. Yn kafee-restaurant It Reade Hynder yn Wommels sjocht presintator Geert van Tuinen mei sidekick Sjoerd de Jong werom op syn Freulekeatstiid. Sjoerd de Jong ferlear trije kear dramatysk op de Freule. Beide sjogge werom op dy tiid mei Jouke Bosje: de winner fan de Freulepartij 2008. Bauke van der Graaf fan Berltsum ferlear twa finales op rige. Efter dat ferlies sit in dramatysk famyljeferhaal. Hy fertelt it yn it Freule Kafee. De livemuzyk wurdt fersoarge troch de band Vangrail.
Freule Kafee © Omrop Fryslân
It programma wurdt om 18.00 oere opnommen yn kafee-restaurant It Reade Hynder yn Wommels. Publyk is tige wolkom!
Freule Kafee is tiisdei 7 augustus fan 19.00 oere ôf te hearren by Omrop Fryslân op de radio. It programma is nei de útstjoering op de radio werom te harkjen op de programmapagina.

Woansdei 8 augustus is de Freule te folgjen by Omrop Fryslân op radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Op radio wurdt ferslach dien fan de wedstriden en online wurdt in liveblog byholden.